It 3e boekje is berne ( novimber 2015 )

It is safier, it tredde boekje fan Henkie fan de Polderdyk is útkommen. Freed hat Hendrik Liemburg persoanlik it alderearste nije boekje fan Henkie fan de Polderdyk oanbean oan dominy Strikwerda en syn frou. Dominy Strikwerda, 95 jier, hat yn ’e fyftiger jierren dominy west yn Terwispel.  In petear mei dominy Strikwerda is in moai en bysûnder ferhaal wurden, dat ek yn itnije boekje stiet.

ds-strikwerda

Ek dizze kear stiet it boekje wer grôtfol mei ferhalen. Koarte, mar soms ek wat langere ferhalen. Ferhalen oer Henkie syn bernetiid, mar ek oer hjoed de dei. Tsjintwurdich jouwe syn pakesizzers him ek de noadige ynspiraasje.
Ek stean der ferhalen yn oer minsken dy’t se tsjinkamen as hy en Geartsje der mei de karavan op út gienen. Faak kamen hja net fierder dan kamping De Turfhoeke, yn ’e omkriten fan harren “roots”. It ferhaal fan de man mei syn wûnderangel komt dêr ek wei. En wat te tinken fan it ferhaal oer it frommeske dat neaken yn ’e Noardsee omfleach.
Fierwei it grutste part fan de ferhalen beskriuwe de fleurige kant fan it libben. Dochs lit it ferhaal fan twa húshâldings, dy’t sy troffen op in kamping, ek de oare kant fan it libben sjen.

Om te witten wer de boekjes te keap binne, besykje dan efkes dizze side.

 

Save

Save

Save

Save

One Response to “It 3e boekje is berne ( novimber 2015 )”

  1. Frans Wuijts schreef:

    Dag Hendrik,

    (Ik skriuw it yn it Hollâns)
    Vanmiddag moest ik van Lammie (dyn skoansuster) het verhaal ‘Keunst’ voorlezen (uit je nieuwe boekje met verhalen) voor de cursusgroep waar zij aan deelneemt. In Atelier Liduin in Nijeberkoop.
    Tijdens het voorlezen bemerkte ik dat het verhaal ging over de opening van de expositie van cursisten bij Hummel in Haulerwijk een tijdje geleden. Een heel herkenbaar en prachtig humoristisch verhaal. Mooi hoor!

    Groet,
    Frans Wuijts
    Nijeberkoop

Leave a Reply