Fiskers

fiskers-simmercolumn

Al rillegau nei’t wy oankaam wienen op ’e kamping De Turfhoeke gie ik mei myn angel en in bakje maitsen oan de Tsjoele sitten te fiskjen. Neist my siet Kees. Kees kaam út it westen en sei fan himsels dat hy wol aardich ferstân fan fiskjen hie. Hy hie al op in protte plakken fiske en wie, neffens him, ien fan de betteren by harren fiskklup. Kees fiske mei in angel (thús hie hy, sa’t er sei, in noch langere) dy’t de oare kant fan de feart helle. Dêrtsjinoer stie dat ik mei myn angel mar kwealik oan it midden takaam. Neffens Kees siet de fisk oan de oare kant en soe it al in wûnder wêze as ik ien te pakken krige. Mar doe’t ik trije foarntsjes fongen hie en Kees noch net ien, hat hy it snoer dochs mar wat tichteby helle. Dy middeis is Kees net fierder kaam as twa. Kees fiske letter op in oar plak.

Wêr’t my de mûle fan iepen foel, wie hokker ark dat dizze minsken wol net by harren hawwe. Bakken fol fiskmateriaal. Der wie der ien by dy’t it materiaal mei de stekkarre nei de feart brocht. Foar alle soarten fisk hienen se ek wer oar materiaal. Jo moatte jo foarstelle dat sa ‘n fisk op wat lekkers ta swimt en, krekt foar’t hy of sy tahappe sil, der efter komt dat hy by it ferkearde materiaal sit. Hy sil dan fan dat lekkers ôfbliuwe. Nea tocht dat fisken sa sinnich wienen.

Sels de elektroanika hat syn plak fûn yn ’e fiskerij. Der stie der ien dy’t fan út de karavan wei fernimme koe as hy byt hie. As der in fisk oan de maits sobbe, dan gie der in toeterke. Sjogge jo it al foar jo, jo binne yn ’e karavan efkes mei it wyfke dwaande en dan giet ynienen it toeterke. Wy soenen it toeterke in slach op syn harsens jaan, mar in fanatyk fisker sil it spultsje ôfbrekke en yn syn ûnderguod nei bûten strûpe om foaral de fisk mar op ’e wâl te krijen.

Yn ’t koart komt it hjir op del: leaver it wiif ferspylje as de fisk.

Doe’t ik freed op ’e middei , ta myn eigen fernuvering , noch in knappe brazem op ’e wâl helle, moast dat de jûns fansels efkes fierd wurde. It is net te leauwen, mar de brazem dy’t de middeis noch fjirtich sintimeter wie hat úteinlik noch, foar’t wy it ljocht yn ’e karavan útdienen, de sechstich helle.

We hawwe in pear moaie dagen hân op in kamping dêr’t ik leard ha om mar oan te nimmen dat de grutste fisk fongen wurdt as elkenien noch leit te sliepen, as dat der tafallich gjin tsjûgen binne. Mar de aller grutste fisk hellet de wâl net, dy wurdt krekt foar it ynheljen ferspile. It frappante is wol, dat de fisker dy’t dat oerkommen is jo letter wol krekt de lingte en it gewicht fan dy fisk fertelle kin.

Sommige dingen hâlde jo net foar mooglik.

Leave a Reply