Bânlapje (Band plakken) – (Ut ‘e jûn fan Terwispel)

Der binne in soad dingen dy’t faak fan heit op soan, as fan mem op dochter trochjûn wurde. Meastentiids binne dat deistige dingen. Kofjesette en itensiede binne dingen dy’t jo faak meikrije fan de âldelju. En as jo der goed oer neitinke binne der in hiel soad fan dy dingen dy’t jo mei krigen ha.

Ien fan de dingen dy’t my as jonkje al gau leard waard wie it bânlapjen. Jo learden it fytsen en tagelyks learden jo ek it bânlapjen. It “Simson” bânreparaasje doaske wie ien fan de earste stikjes ark dêr’t jo as jongknaap mei te meitsjen krigen. De fytsmakker kaam der by ús net oan te pas. Mei oare wurden betsjutte dat: Bân lek, dan bânlapje, as oars net fytse.
As jo efter yn ’e wrâld wenje dan witte jo wol wat jo te dwaan stiet. Dat se my dat leard ha bin ik blied om, mar dat ik it mei in soad nocht die, en noch doch, kin ik no net sizze.

Mar ien fan de dingen dêr’t ik myn âldelju ferskriklik tankber foar bin is dat sy my yn ’e Fryske taal grut brocht ha.
No wie dat op himsels gjin wûnder, om’t elkenien doe Frysk prate. It frappante wie dat der op skoalle gjin oandacht oan skonken waard. It wie sels it tsjinoer steande. Op skoalle ha se alle war dien om tsjin te gean dat we Frysk praten. Ik bin derom ek wol in bytsje grutsk op dat ik op ’e âlde dei mysels it skriuwen noch wat oanleard ha.
Tsjintwurdich wurdt der op meardere skoallen no wol tiid oan spansearre, mar no litte de âldelju it ôfwitte. In soad âldelju prate no Nederlânsk tsjin harren bern, wylst se beide in Fryske eftergrûn hawwe. Ik kin der mar min oer.

Wy moatte grutsk wêze op ús taal. It is in stikje Fryske kultuer dat oer in grut part fan ’e wrâld bekend is. It is in stikje erfguod dat miskien al langer bestiet dan it leauwen yn Jezus. Ik kin it dêrom ek net begripe dat foaral de Fryske jonge minsken it leauwen wol oan harren bern trochjouwe en de Fryske taal dêr’t se sels yn grutbrocht binne net. Wêrom freegje ik my of.

Sels it leauwen kin men yn ’e Fryske taal trochjaan, want ús omke Kobus Zantema hat net om ’e nocht in Fryske bernebibel gearstald. Omke Kobus wie fan hûs út lid fan ’e meniste tsjerke, en mei dy eftergrûn hat hy de Fryske bernebibel “Bliid Boadskip” skreaun.
Mar ek in grut part fan syn libben is hy dwaande west om it Frysk as in stikje erfguod yn eare te hâlden. Syn Fryske wurdboeken binne yn hiel Fryslân – en ek dêr bûten – ferneamd. Minsken sa as Omke Kobus hawwe harren ynset om ús taal te behâlden, litte wy der foar soargje dat dy minsken it net om ’e nocht dien ha. Ik soe sizze, bêste Fryske jonge heiten en memmen; It is noch net te let.

Bring de Fryske taal werom yn ’e húshâlding, dan hat it de measte kâns fan oerlibjen. Salang as de âlders it trochjouwe oan harren bern sil de Fryske taal bestean bliuwe.

Wysels hawwe ús bern yn ’e Fryske taal grutbrocht. It is ús tige slagge en ik bin ek o sa blied dat hja it wer oan harren eigen bern trochjouwe. Dêrtsjinoer stiet wer, dat it mei it bânlapjen net slagge is.

One Response to “Bânlapje (Band plakken) – (Ut ‘e jûn fan Terwispel)”

  1. Grytsje Krist schreef:

    ik ha dyn stikje lezen, en ik bin it der hielendal mei iens. de fryspratende alders tinke seker dat harren bern net meardere talen leare kinne. no dat is foar bern gjin probleem,mar de alders tinke seker dat harren bern der te dom foar binne(,Sarcasties bedoeld)mar hja binne sels dom.
    selfs myn soa yn braban praet frysk tsjin de bern en die kinne it ek wol,mar hja praete brabans mei in sacht G dat leit harren better omdat se dat alle dagen hjerre.
    no ik kin noch uren trochgean mar ik tink dat dat it op den duur ferlen giet.
    en it hollans ek want op facebook sjoch ik hyltiiden mear ingels.
    gr.Grytsje Krist.

Leave a Reply