It âlde doarp (út Wispelweagen)

It doarpke dêr’t ik hikke bin en tein,
En fan myn mem yn ’e widze lein,

Dit binne de earste twa rigels fan in gedicht fan Reinder Sierks Roorda út Britsum dy’t libbe fan 1894 oant 1965.
Op myn twaentweintichste jier yn 1970 haw ik Terwispel efterlitten en bin mei Geartsje nei de klaai ferhuze. Doe’t wy op’e klaai kamen, wie al gau ús gedachte fan: Hjir sille wy it wol net salang úthâlde. Mar jo komme wat yn it ferieningslibben, der komme bern en dy bern geane nei skoalle ta en foar’t jo it witte dan sitte jo te plak. Mar myn tinzen geane tsjintwurdich wol gauris werom nei it doarp dêr’t ik grut wurden bin. It soe bêst ris te meitsjen ha kinne mei de leeftyd, mar ek kin it wêze dat jo wat mear tiid krije om te tinken. Ik leau net dat ik de ienichste dêryn bin.
Hjoed-de-dei bin ik dwaande om te efterheljen wêr’t ús heit en mem oan de Mouwewei wenne ha. Ik wit wêr it likernôch stien hat, mar ik woe der wol wat mear oer witte. We moatte werom gean nei 1935 doe’t hja wennen oan de wyk dy’t tusken Venema en Kerkstra lei. Us Alt, dy der ek yn dat jier wenne hat as jonkje fan twa jier, kin it him net yn ’t sin sjitte, wylst hy der letter noch wolris mei ús heit west hat. Ik ha sels al de âld-Terwispelers Hans de Vries en Gosse van der Plaats deryn belútsen. Sels ha ik al in petear hân mei Alie Bron, om´t de Bron famylje der ek wenne hat.
In jier of wat lyn ha ik der mei Metten Venema oer praat en mei him ôfsprutsen dat ik wolris lâns komme soe. Ik moat skamsum tajaan dat ik dêryn te let bin. Sa bin ik yn in soad dingen te let. Ik leau grif dat ik dêryn ek net de iennichste bin. Ik hie ús heit doedestiids wol freegje kinnen hoe dat pleatske der útseach. Hoefolle fee as hja doe hienen en al dy dingen mear. Ek deryn bin ik al mear as tweintich jier te let. In soad dingen steane jo net by stil en ferdwine sa stadichoan fan de wrâld. Dêrom bin ik o sa bliid dat ik noch in hiel soad minsken en dingen meimakke ha. En der is yn dy 41 jier dat wy út Terwispel fuort binne hiel wat feroare. Mar ek de 20 jier dêr foarôf.
Ik fyn it dan ek moai dat ik Damslûs noch hiel bewust meimakke ha en de Klidze en de âld Griene Dyk. Ik ha ek noch trije jier op de âld legere skoalle les hân. Ek haw ik gymnastykjen hân fan master Zijlstra, by Kees Meierhof op it toaniel. Hoefolle minsken kinne no noch sizze dat se de winkels fan Schippers, Wielinga, Bethlehem en Yge de Spa meimakke ha. It molkfabryk mei de molkriders, de Brun/Luts draai, swarte brânhannel Knol, de molkkarre fan Zwier, letter Henkie Jonkman, en de bakkerijen fan Postma, Vlietstra, Veenstra en Stelwagen. It Klidzerjocht en de Wide Wispel. De slachterij fan Pool, kapper Ebbes, de weinmakker en klompmakker Leffering, de beide smidten Lutzen en Germ de Vos, it kafee fan Froukje fan Hiske. De brêgewipper Anne de Boer mei syn tabakswinkeltsje is der net mear, krektlyk as de grientewinkel fan Iebele de Leeuw. Ek de moalkeapmannen Zwier en Bijstra, de winkel fan Evert Bron en it timmerbedriuw fan Jan Bosma binne yn de rin fan tiid opholden. Ik sil fêst guon ferjitten ha, en dan prate we noch net iens oer it tal pleatsen dy’t net mear foar dat doel brûkt wurde dêr’t se foar makke binne. Al dy bedriuwen binne stadichoan weiwurden en elkenien fûn it spitich. Wat wie it altyd wer spannend as we mei it sparpotsje nei de boerelienbank fan Sipke Hemkes gienen. Dêr waard it sparpotsje iepene en lege op it grutte brune buro. Hemkes telde dan it jild – dat foar in grut part út sinten bestie – en skreau dat op yn it sparbankboekje.
Foar de âlderein binne der allinne noch de tinzen en foar it jongerein is it sa gewoan. Hja sille oan de skouders lûke en harren dêr net drok om meitsje.

Jan Ebbes is ek al ris nei foaren kaam yn ’e doarpskrante. Wat my oanbelanget mei dizze man wol earne mei eare wurde. Sa’t men dat ek wol dwaan kin mei Hiske, LDO en Goaitsen Burgy. Want hja hawwe Terwispel wol op de kaart setten. Hiske, yn sosjale kringen yn hiel Fryslân bekent. LDO om’t dy feriening troch syn prestaasjes bekent wurden is yn it hiele lân – en letter oan de Gordyk ferkocht is – en Goaitsen Burgy: skriuwer fan boeken, ferhalen en moaie gedichten. Hy is krekt as my op syn 22ste jier út Terwispel weigien, mar yn syn boeken en ferhalen hat hy Terwispel nea ferjitten. Ik wol dan ek ôfslute mei de lêste twa regels fan it lytse, mar o sa sprekkende, gedichtsje fan Roorda.

Dêr’t heit foar ús it brea fertsjinne,
Dêr lûkt myn herte faken hinne!

4 Responses to “It âlde doarp (út Wispelweagen)”

  1. mayke schreef:

    mooi

  2. Alida Mulder schreef:

    Ik sjoch my noch by Sipke Hemkes yn de wachtkeamer sitten mei myn
    spaarkaart mei de segeltsjes dy’t we ien kear yn de wike by master Jongstra
    op skoalle keapje koenen.

  3. Clasien Horstink schreef:

    Moai ferhaalttsje!

  4. berti de heij schreef:

    ik kan mij overal nog goet aan herineren.er waaren ook nog een deel petrolie boeren.

Leave a Reply