Krystferhaal: “Mei pake om ’e tafel”

‘Smartphone’

Krektlyk as oare jierren sil de gedachtegong oer de Krystdagen net by elkenien gelyk wêze. Foar de measten binne se wichtich troch de histoarje dy ‘t der efter sit, en foar oaren komt it meimekoar wezen wer op it foarste plak. Der binne ek minsken dy’t tsjin dizze dagen oan sjogge, faak om’t se iensum binne. En dan sille der ek noch lju wêze dy’t allinne al bliid binne mei de twa frije dagen.
Mar hoe’t wy it ek draaie as keare, der soenen gjin Krystdagen bestean, as der goed 2000 jier ferlyn gjin feestlik barren plakfûn hie yn in fredige, mar ik tink, kâlde muffige stâl in lyts eintsje bûten Bethlehim: De berte fan Jezus Christus, dy’t foar in protte minsken as in ferlosser op dizze ierde kommen is. Berne moarns betiid tusken it fee, by it ljocht fan in oaljelampe. Behimmele, yn doeken wolle, en yn ’e foerbak lein. Noflik yn ’t hea.
Alles der omhinne yn rep en roer en Jezus sels hie der gjin euvelmoed yn, ek net wat him letter noch te wachtsjen stie. Want salang lytse poppen op tiid wat te drinken krije en sa no en dan in skjin ruft, binne se al tefreden. It wurd faak oars at se grutter wurde en grutte minsken harren der my bemuoie fan wat se wol as net dwaan mije.
Grutbringe neame se soks. De boaiem fan it fierdere libben.
En elk docht it op syn eigen wize.
In ferhaal dat ik makke ha is ta stân kaam mei help fan ús bernsbern.
Want doe’t ik fan ’e simmer in kear mei myn pakesizzers oan de keukenstafel siet, fertelde ik harren dat ik wer in Krystferhaal meitsje woe. Ik haw de bern doe frege wêr’t ik oer fertelle kin, wat de jongeren oansprekke sil en wêr’t ek noch in boadskip yn sit.
Ik krige doe ienstimmich te hearren: De Smartphone, Pake kin wol fertelle oer de Smartphone. De Smartphone, jo witte wol, sa’n telefoan dêr’t men mei de finger oerhinne strike moat om him oan ’e praat te krijen.Neffens de bern ien fan de tûkste útfinings fan dizze ieu, dêr’t
men beslist net mear sûnder kin, en poer geskikt is om boadskippen yn op te slaan
En dan!, Ja dan. Wat fan ferstân haw ik fan in Smartphone, en wat hat in Smartphone mei de krystdagen te meitsjen. Neffens my hielendal neat. Mar neffens myn pakesizzers hoegde dat ek net, want de krystbeam hie neffens harren ek neat mei de berte fan Jezus út te stean. It kaam hjir op del: Pake hie noch in healjier de tiid en om der wat fan te meitsje.
Litte we dan yn alle gefallen mar mei de Smartphone útein sette. De Smartphone dy’t neffens saakkundigen ferrekte maklik wêze kin en dat hast elkenien sa’n ding hat en der ek gebrûk fan makket.
Ek myn pakesizzers hawwe sa’n ding yn ’e kontbûse. Ja, want de Smartphone heart yn ’e kontbûse. Dat is “cool”. En dan net gewoan yn de kontbûse, nee, hy heart der ek foar in part boppe-út te stekken, krektlyk as dat we in tiid hân ha dat de râne mei it merk fan de ûnderbroek boppe de spikerbroek út komme moast. Dat wie ek “cool”.
Tsjintwurdich at ús bernsbern by ús komme rinne se fuortdaliks de keamer yn, lûke ûnferskillich harren Smartphone út ’e kontbûse en ploffe yn ’e hoeke fan ’e bank del, mei it gesicht op it rjochthoekige skermke. Dan wurdt it stil en hearre wy se net earder wer dan dat se roppe: Hat beppe ek wat lekkers?
It skynt dat it rjochthoekige skerm, fan hokker ôfmjittings ek, in grutte ynfloed hat op bern, mar ek op harren âlders.
Doe’t ien fan de bernsbern by ús, op beppe har stoel, nei de televyzje siet te sjen, frege ik: “Hasto thús ek sân moai plakje om televyzje te sjen?”. “Nee”, waard der sein, “dat hat ús heit”.
“As ús heit thúskomt fan syn wurk, dêr’t hy de hiele dei efter in skerm sit, docht hy de televyzje oan en giet dan op in troch de kat ferwaarme plakje op ’e bank sitten”. “Wylst hy nei de televyzje sjocht is hy tagelyks ek wakker mei syn Smartphone dwaande”. “En dan mar op my omfoeterje dat ik te faak efter it skerm sit”, kaam der noch efteroan. “Dat neame se no grutbringen”, sei ik, “It gie yn myn tiid ek wolris mis”.

‘Bjon Borg boppe de spikerbroek út’

Doe’t wy meimekoar oan ’e tafel sieten ha wy it ek oer oare dingen hân. Ik haw de bern ek frege wat se skielk wurde woenen.
Harren antwurden, foelen my neat tsjin, want it fariearre fan arsjitekt oant moade-ûntwerpster. Der wie ien by my in nijerwetsk antwurd: “Ik soe it net witte”. Froeger wie it folle makliker, want dan waard in famke meastal húsfrou en in jonge naam faak it berop fan syn heit oer.
Fan Jezus hat men doe ek ferwachte dat hy timmerman wurde soe, lyk as syn heit.
Ik tocht hjirby ek werom oan in tal bern út myn bertedoarp, in lyts sechstich jier ferlyn.
De soan fan ’e winkelman soe wol winkelman wurde.
De soan fan ’e dominy soe foar syn stúdzje wol nei Kampen gean.
De soan fan ’e boppemaster soe uteraard skoalmaster wurde.
En de boeresoan soe letter it spul fan syn heit wol oernimme.
Allegear bern dy’t nei de oarloch berne binne, yn in frije opgeande tiid. In tiid dêr’t in soad koe.
Wy koenen genietsje fan de frijheid sa’t wy dy no noch kinne. Mar dan sûnder Smartphone
Us lân hat sa njonkelytsen, Indie net mei rekkene, al 75 jier oarloch frij west. Wy, ús bern en de bernsbern witte net better.
En dan te betinken dat der bern op ’e wrâld omrinne dy’t allinne mar oarloch meimakke ha. Hja binne berne yn ’e oarloch, groeie op yn ’e oarloch en in grut part stjert ek wer yn ’e oarloch.
Hja sille nea gjin frijheid kinne, sa’t wy dy al 75 jier kinne.
It binne wol grutte minsken, fan hokker miljeu, kleur as religy ek, dy’t dêr skuldich oan binne. En it binne ek dyselde grutte minsken dy’t dat wer oan harren bern trochjouwe. Sadat, as die bern letter grut binne, se ek wer like wreed as harren âlders wurde kinne.
Sjoch nei it geweld op televyzje. Hast alle jûnen komme jo wol in program tsjin dêr’t in opslûpen jonge omrint mei in kalasnikov oer it skouder en frjemd genôch mei in Smartphone yn ’e kontbûse en Bjorn Borg boppe de spikerbroek út.
It leauwen yn earne kin foar sommigen hiel moai wêze, mar it kin ek foar rare dingen soargje.
Want as bern op ’e wrâld komme, sil it net yn harren sels opkomme om letter mei in bom yn ’e rêchtas harren sels op te blazen. Nee, it binne de grutte minsken, dy’t mei harren wize fan grutbringen de bern dêr op oan triuwe. Want litte we earlik wêze, foar safier ik wit is der noch nea in oarloch begûn om’t it iene bern mot krige mei in oar bern.
Om’t wy hjir yn frijheit libje is foar ús bernsbern it miljeu ien fan de wichtichste dingen, foaral wat de takomst oanbelanget. Want se binne der ek wis fan dat as we dêr neat oan dogge it yn ’e takomst misgiet mei ús planeet. Ek al om’t it neffens harren yn pake syn tiid net sa krekt kaam. Mar sy koenen it ek net begripe dat ik yn myn bernetiid noch nea fan it wurd “miljeu” heart hie. It wurd bestie tink net iens.
No wisten se fan myn bernetiid ek net folle, want fan Johny Jordaan tochten se dat it in fuotballer wie en Faas Wilkes in sjonger.
Mar dat komt ek om’t wy in lyts sechstich jier yn leeftiid skille, sadat promininte minsken út myn bernetiid no net mear libje.
No ja útsein dan keninginne Elisabeth fan Ingelân.
Der wienen mear dingen dy’t neffens myn pakesizzers wol ferbettere wurde koenen. Hja snappe it net dat yn sa’n ryk lân as dat fan ús, “voedselbanken” nedich binne. Hja snappe it ek net wêrom der honger yn ’e wrâld is, wylst der op sommige plakken in oerskot oan iten is.
Hja snappe it net wêrom rike minsken riker wurde moatte en earme minsken earmer. It mocht neffens harren wol wat better ferdield wurde. En om’t “Vrede op aarde” de bern harren favorite Krystferske is en “Heb uw naaste lief”, by harren heech oanskreaun stiet, kin ik oannimme dat it mei harren sosjale tinken wol goed sit.
Mar mei de Krystdagen stiet foar myn pakesizzers it lekkere iten en kado’s krije dochs wol boppe oan.

‘In miljoen flechtelingen’

Eartiids wienen we oan it draakjefleanen, fertelde ik oan harren doe’t it oer it boartsjen te praat kaam. “Wat is dat pake?, draakjefleane” waard my frege. Ik haw harren útlein dat se dat yn it Nederlânsk “fliegeren” neame.
Oo, dat,“Nee”, sei ien, ”dat dogge wy no net mear, ik freegje in “drone” op Sinteklaas”. O ja it is ek sa, Sinteklaas bestiet ek noch. Hie ik sa gau net by stilstien. Mar ja it wie ek noch simmer en doe waard allinne mar praat oer Swarte Piet. Sinteklaas wie doe noch net oan ’e oarder. “Sinteklaas is sa njonkelytsen ek al sa âld as Jeruzalim” sei ik.
Wat neffens de bern Methusalem wêze moast. “Jeruzalim bestie goed twa tûzend jier ferlyn ek al, doe’t Jezus berne is, mar doe hienen se noch nea fan Sinteklaas heart”, kriich ik fan it jongfolk te hearen. “Sinteklaas komt fan oarsprong út Turkije, en is doe nei Spanje flecht”, kaam der efteroan. Ja doe bestienen der ek al flechtelingen.
Miskien safolle net as no, mar se wienen der wol.
De jongste pakesizzer sei tsjin my dat yn fjirtjin- achttjen ek in oarloch wie en doe wienen der ek in soad flechtelingen. Wie ek sa. Wy hawwe doe in miljoen minsken, meast Belgen, ûnderdak jûn. In miljoen flechtelingen, op sân miljoen ynwenners. Mar dy flechtelingen binne yn 1918 hast allegear wer op hûs oangien. It is noch mar de fraach as de hjoeddeiske flechtelingen dy kâns ek krije.
Us bernsbern fine wol dat wy alle war dwaan moatte om harren sa goed mooglik op te fangen, krektlyk as ús foarâlders dat hûndert jier ferlyn ek dien ha mei de Belgen.
Flechtelingen hawwe der altyd west. Sels goed 2000 jier ferlyn wie it net oars en moasten troch dy dekselse Herodes foaral de bern it ûntjilde, wêrtroch ek Jezus mei syn âlden flechte moast nei in oar lân.
Flechtelingen sille der ek altyd bliuwe. Want salang jild, macht, religy en net te ferjitten de wapenyndustry sa’n grutte stimpel drukke op it wrâldbarren sil it net feroarje, al sille wy mei de Krystdagen ek noch sa faak “Vrede op aarde” sjonge. Mar it binne wer net de bern dy’t dat útfûn ha, hja wurde allinne mar de dupe dêrfan.
It is dêrom jammer dat wat yn Jesaja 2 fers 4 beskreaun stiet, om alle swurden om te smeien ta ploechizers en spearen ta snoeimessen, oant no ta noch hieltyd net slagge is.

‘Medysk sintrum Jeruzalim’

Mar as Jezus no ris yn dizze tiid berne wie, hoe hie it der dan om en ta gien. Soe hy dan ek yn deselde funksje op dizze ierde kaam wêze?
It hie harren hjoed de dei yn alle gefallen dy hiele reis nei Bethlehem besparje kinnen, want Jozef koe no in apke mei alle gegevens my syn Smartphone nei de meiwurkers fan Herodes stjoere en klear wie it west. Maria hie dan ek net dagenlang yn har tastân, op ’e rêch fan in ezel oer dy stoffige paden hinne hoegd. Jezus wie dan ek net yn dy kâlde muffige stal berne, tusken it fee en mei it ljocht fan ien oaljelampe. Nee, hy soe hjoed de dei miskien wol berne wurde yn in mei ledlampen ferljochte keamer op in dêrfoar bestimd bêd yn it MCJ, it Medysk sintrum Jeruzalim.
Want it is wol sa dat in bern wol in bytsje gelok hawwe moat wêr’t de biologyske klok de doar foar harren iepen docht en it de wrâld ynstappe kin.
Wurd it op in sânflakte yn Soedan berne, dan is de kâns grut dat it fuortdaliks mei earmoed en honger te krijen hat.
As it yn it Midden Easten berne wurd, is de kâns grut dat harren fuortdaliks de kûgels om ’e earen fleane, en it letter miskien ek mei in kalasnikov oer it skouder rinne moat. Want sels yn dizze nijmoadrige tiid, mei i-pads en Smartphones, ha we te meitsjen mei groepearringen en religys dy’t it mei in minskelibben net sa nau nimme. Hat, tink ik, ek mei it grutbringen út te stean.
Nee, as it in bytsje gelok hat wurd it berne yn Fryslân en hat it in grutte kâns dat it dan in goed libben kriget. Litte de âlden, lyk as by myn pakesizzers, dan mar foeterje dat se dy Smartphone ris in kear oan ’e kant lizze moatte. It is yn alle gefallen better dan dat se foeterje fan: Set dat gewear no ris yn ’e hoeke fan ’e keamer del.

Jezus hat it miskien noch net iens sa raar troffen dat hy goed 2000 jier ferlyn yn in fredige, mar miskien kâlde muffige stâl yn Bethlehim berne is. Oan belangstelling hie hy yn alle gefallen neat te kleien.
En hoewol hy gjin timmerman wurden is lykas syn heit, hat hy letter, neffens saakkundigen, wol degelik op in goeie wize oan ’e wei timmere. Dat is ek de reden dat yn dizze dagen, en dermei ek jûn, betocht wurd dat hy goed 2000 jier ferlyn berne is.

Mar sa’t Jezus doe gjin timmerman wurden is, is it mei de bern út myn bertedoarp ek oars gien dan foarôf ferwachte wie.
De soan fan ’e winkelman soe nei ferrin fan jierren de saak fan syn âlders oernimme. Mar doe’t de earste supermerk iepene waard wie it ek fuortdaliks dien mei de lytse winkels op it doarp en is hy by de Frico telâne kaam. De soan fan ’e dominy, is letter wer nei Amsterdam werom gien om’t sy dêr ek weikamen.
Yn it jongfolk is hy noch wolris werom west, mar nei dat hy yn syn provopakje in pear kear kontakt hân hie mei in gummyknuppel fan ’e Fryske polysje binne wy him wer út it each ferlern
De soan fan ’e boppemaster wie altyd al wat oars en is, nei de HBS yn Drachten, foar syn stúdzje nei Amsterdam gien. Hy is skriuwer wurden en hat in pear jier ferlyn de Constantijn Huygenspriis wûn.
En wat de boeresoan oanbelanget, dy hat ek net de pleats fan syn heit oernaam, mar is by de smid oan it wurk gien. Hy is letter nei de klaai ferhuze en stiet no op syn âlde dei in Krystferhaal te fertellen yn de tsjerke fan Feinsum.

Comments are closed.