Frij Fryslân ( Ut HfdP II )

In hiel skoft lyn stie yn ’e Ljouwerter dat immen syn Nederlânske steatsboargerskip ynleverje woe, en dan de Fryske nasjonaliteit oannimme soe. Ik ha der ris oer neitocht, en dan moat ik tajaan dat der neat ferkeards oan is. It soe, neffens my, sels hielendal net ferkeard wêze dat Fryslân him ôfheakke fan Nederlân. Ik tink sels dat it foar ús in stik better waard. We soenen ús, tink ik, bêst rêde kinne. Wy hoege ús sels net te ûnderskatten. want it soe samar kinne dat Fryslân it Monaco fan it noarden waard. It ûntbrekt ús hjir oan neat. Der is iten en drinken by’t soad. Jo kinne it sa raar net betinke of it wurdt hjir wol makke of ferboud. En wat hjir net is dat kinne wy wol keapje. Mar as jo wat keapje wolle dan sille der in pear sinten wêze moatte. En as in lân in pear sinten ha wol dan moatte wy ek minsken ynhelje dy’t in pear sinten hawwe, en dy’t ek yn dit lân spansearje wolle. As jo it belestingstelsel wat goed oanpakke, dan binne der in soad minsken dy’t der wol earen nei hawwe om hjir te weinjen. Earst sille wy fuortendaliks de grinzen tichtsmite moatte. Want foar dat jo it trochhawwe binne der in soad minsken dy’t graach meifrette wolle sûnder der wat foar te dwaan. Wy moatte ek sjen dat wy it hjir foar de kaptaalkrêftige man tige nei’t sin meitsje. Grou en Snits lykje my poer geskikt om mei dit soarte folk om te gean. Ek net ferjitte de stêden oan ’e Iselmar. Want ek de Iselmar is foar de helte fan ús, want in sleat op ’e skieding fan jo hûs is ek foar de helte fan jo. Gas sit der genôch yn ’e grûn en om’t it yn Fryslân altyd waait komme der sa stadichoan foldwaande wynmûnen om ús fan skjinne elektrysk te fersjen. It nije provinsjehûs jout wol plak oan ús regear en wy skrasse noch in tal gemeenten om de kosten nei ûnderen te bringen. Wachtjild is der uteraard net by, want der is wurk by’t soad. Wer wy goed om tinke moatte is dat wy net tefolle minsken my aktetaskes en laptopkes krije. We hawwe mear ferlet fan minsken my in goeie harses en in pear goeie hânnen. Minsken dy’t in hiele dei tinke, fan wat moat ik no ris betinke om mysels oan it wurk te hâlden, ha wy gjin ferlet fan. Yn it basisûnderwiis sil it Frysk foar it earst harren yntree dwaan as haadtaal. It Nederlânsk sil as twadde taal bestean bliuwe. Minsken dy’t it basisûnderwiis al efter de rêch hawwe, sil de kâns jûn wurde om dochs noch de Fryske taal te learen. Dat sil dan op frijwillige basis gean, mar der wurd wol ferwachte dat men yn in kwatte tiid it Frysk, prate, lêze en skriuwe kinne. Foar de rike minsken die hjir komme sil dat gjin probleem wêze, want foar dat grut stik jild dat se minder oan belesting kwyt binne wolle se wol graach in kursus Frysk folgje. Ik sjoch it al hielendal foar my. Al dat djoere folk dat foarhinne tocht dat wy noch gjin elektrysk hienen en tocht dat de polysje hjir noch my pyl en bôge skeat, komt no yn kloften oer de grins om’ t se hjir minder belesting jaan moatte dan yn Nederlân. Wy moatte der wol om tinke dat wy der as Friezen better fan wurde, mar ek dat it gjin Hollânske koloanje wurdt. Foaral der goed op tasjen dat it wurkfolk it ek aardich better krije sil dan harren de lêste jierren oerkaam is. Ek de âlderein en minsken die tusken de wâl en it skip telâne kaam binne, sille we better op passe moatte dan de Nederlânske staat dat docht. Hearrenfean en Cambuur kin wol meidwaan yn de Nederlânske kompetysje, lykas Monaco dat yn Frankryk ek docht. Sjogge jo it ek al hielendal foar jo, de hiele ekonomyske resesje is yn ien kear fan ’e kaart. Burggraaf, Noppert, De Vries en de Fryslân bank kinne direkt wer oan de slach. Wy kinne wer mei 60 jier stopje mei wurkjen en wy kinne wer mei 65 jier fan Drees krije. No ja Drees? No sil men harren ôffreegje, wa moat dan ús lieder wurde. It is wol ferrekte jammer dat mannen as Troelstra en Domela Nieuwenhuis net mear libje. No leau ik ek net dat dizze minsken harren ynstimming jaan soenen mei wat ik hjir allegearre opskriuw. Ja goed, wy hawwe Luts Jacobi, Joop Atsma en Jannewietske de Vries, mar ik leau net dat hja dêr al oan ta binne om sa’n hege post oan te gean. As jo it my freegje soe ik sizze, lit ús âld keninginne Beatrix it mar dwaan. Us âld keninginne hat ek al in skoftsje fan Drees en dat sil ek wol de reden west dat se der mei ophâlden is. No’t ús keninginne it stokje oerjûn hat oan har soan Willem kin se sels noch wol in jier of wat nei Fryslân ta te weinjen. Mei al har besittingen is it belestingtechnysk ek better foar har. Want gean der mar fan út dat sels in Keninginne in hekel hat oan it beteljen fan belesting. Stiens – dat ûndertusken al sa goed as fêst by Ljouwert heart – liket my in gaadlik plakje foar har om te wenjen. Stiens en Ljouwert kin men krektlyk sjen as Wassenaar en Den Haag. It leechsteande bouwurk fan it wetterskip – dat wylst se der mei oan it bouwen wienen al bekend wie dat it leech kaam te stean – is der neffens my tige geskikt foar. Net te grut – om’t se ek mar allinne is – en it leit oan it wetter. It leit dan wol net oan de alve stêden rûte, mar yn Wassenaar hat se ek net mear as in fiver my goudfisken. Der sil noch wol it iene as it oare yn ferklost wurde moatte. Under oaren in pear sliepkeamers, foar it gefal as de bern as bernsbern ris in nacht del komme. De heak om Ljouwert sil – as it safier is – ûndertusken ek wol klear wêze sadat it foar har ek mooglik is om sa no en dan har bern op te sykjen. De keninginne sil it, tink ik, hjir tige nei’t sin krije en mei dêrom sil it traktemint ek wol net út de hân rinne. Hja kin wol fan it pensjoen libje dat se te goede hat fan de Nederlânske staat. Sels hie ik tocht, frij wenjen en ien kear yn ’e wike bûtenom rut waskje en it hiem foar har meane. In kursus Frysk foar net Frysktaligen sil, tink ik, wol ien fan de easken wêze. Sjogge jo it sitten? Ik liket my wol wat.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *