It petear, 26 april 2016

Fjirtjin dagen ferlyn waard ik skille troch Sander Schouten, de foarsitter fan de kuorbalferiening CSL. Hy frege my as ik tiisdei de 26ste april om alve oere ek tiid hie om op it gemeentehûs yn “petear” te gean mei B.V. Sport, oer it ûnderhâld fan ús sportfjild. As ik om kertier foar alven klear stean woe, dan soe hy my wol  oanhelje. Ik sei tsjin him dat ik sels wol op it gemeentehûs komme soe, dan hoegde hy ek net om te riden. Nei wat tsjinsputterjen fan syn kant, koe dat ek wol. Hy soe dan wol op my wachtsje.

Op 25 april seit Geartsje tsjin my dat se de oare deis mei ús Ester nei de stêd gie. Om tsien oere soe Ester har ophelje. Ik sei doe dat ik dan efkes nei Drachten gie om by ús nije ( twaddehâns ) karavan te sjen as die ek hast klear wie.
“Ik miende dat sto op it gemeentehûs in fergadering hiest mei bv Sport” sei se doe. “Och” sei ik, “dan kom ik dêr wat letter, sille se ek net slim fine”.
“Litte we dan woansdei tegearre efkes nei Drachten gean” wie har reaksje dêrop. Ofpraat, dogge wy.

Moarns 26 april om njoggen oere: “Silsto net efkes ûnder de brûs trochgean?” waard mei sein. “Wêrom, dat kin jûn ek noch wol” wie myn reaksje. Hja woe dochs graach hawwe dat ik it no die, want ik moast aanst ek nei de fergadering.  Doe’t ik wer ûnder de brûs wei kaam woe ik de broek oandwaan dy’t ik juster ek oan hie. Dat waard my ôfret om’t die stonk en dêrby ek fuortdaliks yn de waskoer smiten.
Ester kaam Geartsje heljen en hja fertelden my dat se nei TUIN soenen om blommen. Ik ha ek noch gau op in briefke set, hokker planten ik ek moai fûn, sadat se dy fuortdaliks ek wol meinimme koenen. Foaral om’t der no reklame mei wie. Hja binne, mei de folder fan TUIN yn ’e tas, tsjin tsienen ôfset, mar net foar dat ik noch in warskôging kriich dat ik wol om de tiid tinke moast foar de fergadering.

Tsjin kertier foar âlven bin ik ôfset om foarearst wat fiskfretten by Discus te heljen. Dêrnei bin ik nei it gemeentehûs riden foar it “petear”.
By it gemeentehûs koe ik earst myn auto net kwyt wurde. It parkearterrein wie ôfset om’t der wykmerke wie. Fjouwer kreamen stienen op it grutte plein en dêrom hinne wie in see fan romte, mar dêr mocht ik net stean. Efter it gemeentehûs stie ek alles fol en ek efter de Primera wie gjin romte mear. Op dat stuit tocht ik: Lit de fergadering mar fergadering wêze, ik gean wer nei hûs. Doe seach ik de foarsitter stean en tocht, dat kin ik foar him ek net meitsje.
Efter it gemeentehûs gie in auto fan plak en dêr bin ik mar gou ynflûpt. Mei de foarsitter fan CSL bin ik it gemeentehûs yngong en dêr waard sein dat wy wol hellewaarden. Al rillegau kaam de boade en dy gie mei ús de trep omheech. Doe ha ik mei wol ôffrege, moatte wy yn ’e  riedseal fergaderje?

By de riedseal oankommend mocht ik as earste troch de doar gean. En doe,……….doe sieten dêr gjin minsken fan B.V. Sport, mar myn hiele famylje. Frou, bern, lytsbern, broer, buorren en oare promininten fan kuorbal en polityk. Doe foel by my ek it kwartsje. Doe wist ik ek wêrom ik ûnder de brûs troch moast en dat myn broek stonk en foaral de tiid yn ’e gaten hâlde moast om mar net te let by de fergadering te kommen. No wit ik ek wêrom se leaver hie dat ik in bûsgrûntsje oan lutsen hie. Dat is net trochgien, want ik fûn it net nedich om yn it pontifikaal nei in fergadering te gean oer it ûnderhâld fan in sportfjild. Ik ha de trui fan juster mar wer oandien. Sil dan wol net sûkerskjin west ha, mar der wie net ien dy’t tsjin my sein hat, dat hy stonk.

Doe’t ik nei ôfrin fan it “petear” mei Geartsje troch de doar fan it gemeentehûs wer nei bûten ta gie, wie ik fersierd mei in moai lintsje dat de boargemaster my op it boarst spjelde hie, en koe ik fan doe ôf fierder troch it libben gean as “Lid in de Orde van Oranje Nassau”.

 

 

 

 

Save

Save

Save

Comments are closed.