Stambeam

ISABELLA CHARLOTTE dochter van HENDRIK CASIMIER gehuwd met CHRISTIAAN vorst van NASSAU DILLENBURG. Kind uit dit huwelijk ANNA SOPFIE.  ANNA SOPFIE is getrouwd met…………

Dit binne de earste rigels fan ús “stamboom”fan de famylje Bruinsma. En as jo dat lêze dan stiet der ek wol wat tinkt mei. In grut part fan de minsken sûne wol wolle dat harren stambeam mei dizze namen iepene wurde. Bruinsma is de famylje namme fan myn memme kant. Fan de kant fan us heit ha we ek in stambeam . Dat is de Liemburg kant, mar dat my net lykje tsjinoer dat fan de Bruinsma’s. Allegeare earmoedsaaiers sa as turfmakkers en boere-arbeiders. Inkeld sit der in echte boer tusken, mar dan binne it ek noch keuterboeren en moasten se der faaks ek noch in baantsje byhawwe.

Dan de Bruinsma’s, dat komt fan in oar laach. No wie it net allegear rykdom, want ús mem is berne yn in opboud preamke, dat doe al op it droege lei om’t it sa lek wie as in tems. Mar har heit wie yn elts gefal  boer en dat net allinne hy wie foaral keapman. Hy wie in grut keapman yn lytsfee. Ús mem hat wolris ferteld dat pake Chris faken mei in geit nei de Gerdykster merke rûn. Dan ferkocht hy de geit, kocht in pear slokjes en rûn werom nei de Âlde Wei. Beppe koe dan ek noch wat bûsjild barre. Mar as de hannel dan net sa goed gie, dan kaam wer de trochsetter yn pake boppe. Dan barde it ek wol ris dat hy de oare deis pas werom kaam, mar de geit wie dan wol ferkocht. Wat beppe dan noch op de hân barde is my nea ferteld.

Dat hannelsbloed is yn de famylje bleaun, syn pakesizzer Chris wie ek san kwânselder.Die koe it meitsje om op de Gerdykster merke in ko te keapjen, die trije oeren earder thús wie dan hysels. Hja moasten it selde trajekt ôflizze, mei dat ferskil dat de ko ûnderweis net oanstuts. Doe syn frou thús kaam fûn die in ko oan de kruk fan de doar. Wa him der delplante hat  is oan no ta noch in riedsel, mar ik tink net dat de ko die jûns noch molken is.

Pake Chris en beppe Mettje hawwe der foar soarge dat harren húshâlding goed troch de tiid kaam. Der sil wol ris earmoede west hawwe mar oer it algemien wine hja tefreden minsken.

Wy hawwe der ek altyd wat mei yn de efterholle omrûn dat der by die Dillenburgen noch wol ris wat te heljen wie. It hoefde net in soad te wezen, mar as jo der no ris in nije auto fan oerhâlde koenen dan wie dat in elts gefal mynommen. Foar die minsken makke it gjin ferskil, want hja hine dôchs by’t soad. We sille yn koarten in famyljedei fan de Bruinsma’s hawwe. It sil de earste kear wurde. Der sille wol net sa folle minsken komme want de rigel is al aardich úttinne. Mar ja hoe minder as der binne hoe mear as der letter te ferpatsjen falt. Ik bin de jongste en ik bin al oer de sechstich, dan kinne jo it wol nygean.

Ik haw op myn kompjûter noch ris by google sjoen hoe it no ynmekoar sit. En dan moat ik teloarsteld tajaan dat der fan die stambeam neat kloppet en dat ek de Bruinsma’s mar turfmakkers en boere-arbeiders binne. Dat we ofstamme fan Ate Heins en Jeen Bruins, beide boerefeint. En dat we de nije auto fan de Dillenburgers ek wol ferjitte kinne. Wy hawwe ús bliid meitsje litten my in bline mosk. Isabella Charlotte is yndied troud my Christiaan vorst fan Dillenburg. Mar in harren houlik hawwe hja gjin bern krigen.

One Response to “Stambeam”

  1. Heine Liemburg schreef:

    Hendrik,
    Ek de oerpake sizzers hawwe der wol wat fan meikrigen hjer.
    Wat een prachtige ferhalen!

    groeten ut Herne Hill

    Heine and Gertrud Liemburg

Leave a Reply