De Tynje

Ut it spul dat by ús heit en mem weikaam wie ek in kapstokje fan Siebe Bok fan’e Tynje. It sette my wer oan it tinken.
Wat ik my fan eartiids noch heuge kin, is dat Siebe Bok by ús lâns kaam mei in grutte koffer mei klean. As it no Siebe sels wie as in meiwurker, dat wit ik net mear.
Nettsjinsteande dat ik berne bin op in polderpleats op ’e Damslûs ûnder Langsweagen, hienen we dochs wol wat mei de Tynje te meitsjen.
Want bûtendat Siebe by ús kaam, krigen wy it feefoer en de swarte brân fan ’e Damkes, en as der sykte yn ’t fee wie, dan moast bistedokter Zeegers lâns komme. En as ik my net fersin kamen ús earste skuon by Wiebenga wei.
En ik wit ek noch wol dat we mei de geit nei de bok gienen nei Hindrik Weiland. Dy wenne efter de Wispel yn in lyts huske tusken de reiden. En op ’e Tynje wenne ek ús Muoike Roelofke.
Mar myn Tynje tiid wie dochs de trije jier dat ik wurke by Rinse Dragstra oan de Riperwei. Earstdeis krich ik noch in foto fan de begjintiid fan syn bedriuw oan de Riperwei.

It sil ein jannewaris, begjin febrewaris yn 1965 west hawwe doe’t ik foar it earst mei myn bromfyts by Rinse syn âlders it hiem opdraaide.
Ik moast noch santjin wurde.
Nei’t ik in pear moanne op ’e Gordyk yn in garaazje wurke hie koe ik by Rinse oan it wurk komme. Ik wie der doe tige mei ynnommen, om’t ik graach yn ’e lânboumeganisaasje wurkje woe.
Op ’e ambachtskoalle hie ik myn oplieding dêr yn hân, mar it fak sels moast ik noch leare.
Myn Tynjetiid hat in moaie tiid west. It wurk dat ik dêr die, wie de basis fan wat ik myn hiele wurktiid dien ha. Sis mar, myn hiele libben ha ik mei boeren omslein.
Ik ha by Rinse in soad leart en boppedat in moaie tiid hân. En om’t ik de ienichste wurknimmer wie moast ik ek alles oanpakke. It wie yn de tiid dat de boeren noch omskeakelen fan hynder nei trekker. En dat wy de boeren leare moasten dat “fuort”betsjutte dat se op it gaspedaal traapje moasten en dat “ho” betsjutte dat se it rempedaal yndrukke moasten. Foaral by de âldere boeren foel it soms net ta om dat foarmekoar te krijen.
De doarpsfeesten op ’e Tynje, mar foaral dy fan de Ulesprong stean mei noch by. De autocross op it iis op ’e Ulesprong wie al sa’n sensaasje.
It wie ek de tiid dat ik efter it frouljusguod oan siet en as ik my net fersin ha ik ek noch wolris mei in famke fan ’e Tynje opstap west.

Mar wat my noch it âlder measte bybleaun is, dat binne de gesellige oeren dy’t ik trochbrocht ha yn it kafee fan Jan fan Metsje. It kafee neist de winkel.
Ien fan de grutste foardielen doedestiids, mar tagelyks ek ien fan de grutste neidielen wie, dat we freeds de sinten op ’e hân barden.
Wy koenen freeds fuortendaliks oer ús sinten beskikke.
En om’t ik dochs by it kafee lâns moast wie it ek maklik om efkes oan te stekken.
No wie ik net de ienichste, want der wienen folle mear dy’t freeds harren lean barden. It wie der altyd oergesellich. It wie der somtiden sa gesellich dat ik wolris fergeat dat ús mem mei it waarm iten siet te wachtsjen
Ik moat sizze, it waard al frij gou in ferslaving.
It wie op ’t lest sa dat it brommerke freedtejûns by de Damkes út himsels al begûn ôf te remjen.
Jo koenen it wol sa’n bytsje fergelykje mei it hynder fan molkrider Gjet fan Eile. Die stoppe op ’e Ryperwei ek út himsels by it winkeltsje fan Durk en Trien, sadat Gjet wat drinken ynslaan koe.
It hynder fan Gjet en it brommerke fan my hienen deselde gedachtegong. In grut ferskil wie dat it hynder dat seis dagen yn ’e wike dy, it brommerke die dat allinne mar freeds. Freeds wienen der wer in pear sinten. Nei it wykein wie it op en moasten we wachtsje oan ’t de nije freed.
As ik op dit alles werom sjoch dan kin ik der net oars út opmeitsje, dan dat ik it op ’e Tynje nei’t sin hân ha en sels noch in bytsje mei  holpen ha om de ekonomy yn ’e Tynje draaiende te hâlden.

We hawwe it hjir oer in tiid fan mear as fiiftich jier ferlyn.
Muoike Roelofke libbet al lang net mear en mei dy jongfammen fan de Tynje is it ek net slagge, want ik bin troud mei in frommeske fan ’e Gordyk. Mei har wenje ik al fan 1970 ôf op ’e klaai, wêrfan de lêste 25 jier yn Britsum.
Britsum, in forinzen doarp dêr’t folk fan út it hiele lân wennet, sels fan út de Tynje. Want Wil Boerendans wennet ek yn Britsum. Ik sil it noch sterker fertelle, Wil Boerendans wennet twa huzen fan ús ôf.
Wat kin in kapstokje al net boppe wetter helje.