Skriuwen oan myn mem

Britsum 01-11-2010

Leave Mem,

It moast der ris in kear fan komme, want jo meie wol witte, ik ha der al in hiele tiid tsjinoan skiedskoarre. Mar no is it safier. Foar it alderearst yn myn libben skriuw ik in brief oan jo. Ik ha der faak muoite mei om útein te setten, mar ik tink wol dat ik it no foar mekoar krij.

Jo wine al net sa jong mear doe ‘t ik berne bin, ik miende fan ienenfjirtich. Jo hiene ek al trije bern en dan kinne jo wol sizze dat ik in neikommeling bin, mar dat is net hielendal wier. Foardat ik berne bin hawwe jo, in goed jier dêrfoar, noch in berntsje krigen, mar sy is by de berte ferstoarn. We hawwe der thús noait folle oer praten, mar ik leau fêst dat jo it der wol swier mei hân haw. In jier of wat ferlyn hawwe ús Alt en ik noch op it tsjerkhôf yn Langsweagen west en ha by it grêf fan it famke stien. It wie ús oanwezen, mar oars hiene wy it noait fûn. Ik tink dat jo der net ien kear west haw en as dat al sa wie dan hawwe jo dat oan net ien ferteld. It is miskien raar sein. mar as hja libbe hie dan hie ik der wierskynlik net west.

Wat myn jonge tiid oangiet kin ik allinne mar sizze dat ik der gjin ferkearde dingen yn fine koe. Jo wiene tige mei my ynnommen en ik koe it by jo ek nea bedjerre. Ik leau fêst dat ik wol ris wat bedoarn bin, en dat ik wat mear mocht dan myn âldere broers en suster. Ik haw noch in foto wêr’t ik mei jo opstean wylst jo mei op de earm ha. Ik ha der in pear skuon oan, it sil wol myn earste skuon west ha, die ha ik noch op souder lizzen. De skuon sille tink ik wol fjirtjin jier âlder wêze dan dat ik bin, want myn âldste broer is ek fjirtjin jier âlder dan my. En as ik de skuon op de foto sa besjoch dan binne se net nij mear.

Ik kin mei de omjouwing, wêr’t ik grut wurden bin, noch tige goed foar de geast helje. De Damslûs mei de wipbrêge wêr wy altyd oan it boartsjen wiene. It hiem foar hûs, mei dêr omhinne de grutte stikelhage, mei dêr wer efter de turfbult en de grientetún. Dat Oane Bouma mei de molkboat kaam wit ik ek noch skoan. Wylst hy oan it skutten wie, kaam hy steefêst yn ‘e hûs om kofje.

It stiet mei noch hiel helder op it netflues wylst ik oan it boarstjen wie yn de slûs te lâne kaam. Ultsje de Roos dêr’t ik op dat stuit mei boarte hat doe alarm slein. Ús Chris hat my der wer úthelle, en as dat doedestiids net bart wie dan hie ik dizze brief net skriuwe kind. It is dan ek o sa spitich dat Chris letter yn it wetter ferûngemakke is. Ik moat Ultsje en us Chris o sa tankber wêze, allinne hie ik der doedestiids gjin sjoege fan.

Witte jo ek noch wol, dat op in sneintemiddei in bultsje hea efterhûs lei? It soe begjinne te reinen en ús heit wie net thús. Doe hat ús Alt mei de âld foks foar de wein it bultsje hea ophelle. Ik woe stomme graach by ús Alt op de wein sitte, mar jo fertrouden it net en sadwaande gie dat ek net troch. Lit ús Alt doe mei it hiele spul op de kletter gean. It is allegear noch best beteard, ús Alt hie de earm skansearre, de wipbrêge wie ek net hiel út de striid kaam om’t de wein der tsjinoan fleach en it hea lei oeral en nergens. It hat ek ien fan de lêste loopkes fan de âld foks west. Mar ik wie wol foar de twadde kear troch it each fan de nulle kropen.

Jimme hawwe wat mei my omtôge. We gienen nei de Gordykster merke, nei de winkelwike, de gondelfeart yn De Knype, it blommencorso ien Lippenhuzen, Skoatter merke en net te ferjitten de feesten yn ús eigen doarp. Ik bin sels mei ús Alt noch in kear efterop de bromfyts nei it Hearrenfean west nei de iisrevu. Wat wiene de jûnen thús faaks gesellich, faak kaarte, tachtigje. Foarearst mei syn fjouweren en doe’t de oare bern de doar út wienen, kaarten we  mei syn trijen.

Yn de tiid dat ik opwaakse wie ik jim net safolle nedich. Ik koe it faaks sels wol foarinoar krije. De legere skoalle yn Terwispel, en de ambachtskoalle op ’e Gordyk wiene de skoallen wêr’t ik foarme bin. Op himsels koe ik wol knap leare, mar it nocht ûntbruts deroan, en sadwaande is it ek by die twa skoallen bleaun.

Witte jo noch wol dat wy mei de roeiboat te fiskjen gienen? Ik roeide en jo hiene de angel mei de snoekblinker fêst. We hawwe doe faaks in snoekje út de Krompten boppe wetter helle. En se wiene by ús gau oan de maat, ek al om’t we thús omraak fan snoekfleis holden. Mar net allinne snoek, ek iel en mûdhûn wiene we net fiis fan.

Winterdeis, woansdeitejûns, gie us heit te kaartspyljen nei it Sweagemerhou  en dan gienen wei de Polderdyk del nei Hein en Fokje. Hja hiene as earste oan de Polderdyk televyzje en as wy der wienen dan seagen we der earst efkes ien of oare spultsje. As dat dan ôfrûn wie dan kamen de kaarten op tafel en dan waard der tachtige. Om in oer of tsien gienen we wer nei hûs, want jimme moasten der moarns ek wer betiid of.

We wennen noch oan de Polderdyk doe myn tiid yn it jongfolk begûn. Oan it wurk yn De Tynje by Rinse Dragstra, nei dat ik in lyts skoftke by Hielkema wêst hie. Ik ha der in moaie tiid hân en ik wit noch dat ús heit doedestiids noch in trekker fan Rinse kocht. Hy koe him der mei rêde, mar dan hiene jo it ek sein. It hold wol yn dat ik moarns betiid al te meanen moast, want it gers moast deselde dei ’s ek noch oan de bult. Nei it meanen gie ik nei myn wurk en dan koe hy him der sels wol fierder mei rêde.

It wie jammer dat ús heit wat yn de lytse loege kaam te sitten en hy it wurk net mear dwaan koe. Foar jo wie it doe ek better dat jim der mei opholden, want it wie ek allegear wat te folle foar jo. Jo libben is foar in grut part beynfloede troch jo noasblieden. Ik ha jo net oars kind dan dat jo op de beroerste mominten begongen te noasblieden. Troch dat noasblieden ha jo ek ferskate kearen yn it sikehûs lein. Foar ús wie it hast gewoan, mar it hat wol in grutte ynfloed op jo sosjale libben hân.

It ferhúzjen nei Terwispel wie foar my in boppeslach. Ik koe no geandewei nei de kroech en hoegde ek net eltse kear dy minne Gryne Dyk lâns. Witte jo noch wol doe wei ferhuze binne. We wiene klear en sieten noflik oan de tafel, doe jo yniens in ynjouwing krigen. It taske mei de sinten stie noch op’ e tafel op ’e Damslûs. Doe mocht ik op myn bromfyts noch it alderlêste en wichtichste  oerbringe nei Terwispel. Wyls wiene de âldste trije bern it hûs al út en wie ik noch de ienichste die mei nei Terwispel ferfarde.

Der haw ik ek it grutste part fan myn tiid yn it jongfolk trochbrocht. Wat wiene jo yn de war doe’t jo mienden dat ik mei fakânsje op Skylge sitte soe, mar in kaart fan Flylân yn de bus krige. Wat wiene jo mal doe’t ik mei moaie skaaltsjes thúskaam, wêr’t wy de gehakbal op krigen. Wy gongen der fanút dat it by de priis ynsiet. Jo hawwe de skaaltsjes doe yn de feart mitere, mar doe se de feart in jier letter útbaggeren, kamen de skaaltsjes wer boppe.

Ik tink dat ik it yn die tiid jo net maklik makke ha, mar ik ha jo ek nea kleien heart. Ek net doe ik al op jonge leeftyd de doar útgong en nei it foar jim fiere Stiens gie te wenjen. Wat wiene jim bliid doe’t ús bern berne binne, mar it wie foar jim net maklik om gauris efkes nei Stiens te kommen om’t jim altyd op in oar oanwezen wiene. Jo ha lokkich meimakke dat ús bern opgroeiden. It hie fansels ek moai wêst dat jo de bern harren bern kend hiene.

Jo hawwe ek al hiel wat foar de kjizzen hân. Foarearst in bern ferlieze, dan in protte leien hân mei jo eigen sûnens, dan dat ús Mettsje slim siik rekke, en dan ek noch, wat neffens mei it allerslimste wat jo as âlders oerkomme kin, it ferliezen fan Chris.

Mem, ik kin noch wol in hiele protte opneame, mar ien stikje wol ik beslist net ferjitte, foar mei binne jo altyd de mem fan de ienfâld west dy foar eltsenien klear stie, mar har sels wolris fergeat.

It foel mei noch neat tsjin om wat op papier te krijen, mar ik hie jo noch wol in hiele protte freegje wold, stikjes wêr’t ik foarhinne nea oer prakkesearre. It is allinne spitich dat sa’n brief dêrom te let is, om ‘t jo al mear as fiifentweintich jier lyn ferstoarn binne. Faaks is men te let, allinnich komt men der dan wer te let efter, lyk as dat my ek oerkaam is.

Jo soan Hindrik

(Myn  mem Grietje Bruinsma is berne op 31 july 1906 yn Gersleat as ien nei jongste út in húshâlding fan tsien bern. Se is op 26 juny 1983 ferstoarn yn it sikehûs fan it Hearrenfean en is 30 juny te hôf brocht yn Terwispel.)

Eén reactie op Skriuwen oan myn mem

  1. Gerda Oosterbaan -Wiering schreef:

    ik haw dyn mem net kinnen maar….. ik bin der wis fan dat sy “apetrots “op dy wezze soe.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *