Oer Henkie

Henkie fan de Polderdyk (pseudonym fan Hendrik Liemburg) is berne op ’e Damslûs, oan ’e Polderdyk, op ’e skieding fan Langsweagen en Terwispel, oan ’e Sweagemer kant. Berne op 19 maart 1948 as jongste fan de fjouwer bern fan Jogchum Liemburg en Grietje Bruinsma.  Jogchum en Griet wennen dêr oant 1966 op in boerespultsje, dêr’t hja op syn heechst 14 kij molken. Bûten de kij om wienen der ek noch wat pinken en keallen. Faak hienen se ek noch bargen, skiep, geiten en net te ferjitten it lytsfee dat om hûs hinne rûn. Bûten dat alles om wienen hja ek noch slûswachter en brêgewipper. Hja moasten de Damslûs betsjinje as der skipfeart lâns kaam. Hendrik hat in part fan syn bernetiid yn ’e ienfâld trochbrocht, sûnder elektrysk, sûnder wetterleiding en fierdere geryflikheden sa at se dat hjoeddeis kenne. Nei’t yn 1957 de Damslûs tichtsmiten waard, kaam de wrâld der doe hiel oars út te sjen. Doe kaam ek al rillegau it nije ljocht oan de Polderdyk. Wetter út ’e kraan wie der oan ’t 1966 noch net.

Foto’s Damslûs : Op dizze side steane foto’s fan hoe it op ’e Damslûs foar 1957  der útseach. De foto’s binne oan it begjin fan de fyftiger jierren makke troch broer Alt.

Berne yn Langsweagen en grut wurden yn Terwispel. Hendrik hat syn jonge jierren yn Terwispel trochbrocht. Earst nei de legere skoalle ta en letter yn it jongfolk. Yn 1966 is Hendrik mei syn âlders ferhuze nei Terwispel. Hy wie doe achtsjen jier en wie, nei it heljen fan in diploma op ’e ambachtskoalle op ’e Gordyk, al oan it wurk gongen. Fan syn sechstjinde oant syn sechtichste hat hy yn´e lânboumeganisaasje wurke.  Yn 1970 kaam hy op´e klaai oan it wurk. Yn datselde jier is hy troud mei Geartsje van der Woude,  fan ’e Gordyk. Hja binne doe yn Stiens kaam te wenjen. Nei 19 jier Stiens hawwe se in hûs yn Britsum kocht, en dêr wenje se no noch. De trije bern binne al lang de doar út en hawwe foar seis bernsbern soarge. En ek noch earlik ferdield.

Nei´t Hendrik yn´e VUT kaam, is hy begûn mei it skriuwen fan koarte ferhalen. Ferhalen oer minsken en dingen fan eartiids en no. Ferhalen oer syn bernetiid op´e Damslûs, oan de Polderdyk. Ek ferhalen oer minsken dy´t hy meimakke hat yn syn jonge jierren. Mar ek ferhalen fan hjoed-de-dei, oer minsken dy´t hy tsjinkaam op´e kamping. It binne ferhalen dêr´t de minsken harren yn fine kinne, maklik te lêzen en sûnder drege stikken.

Ûnder de skriuwnamme Henkie fan de Polderdyk binne yn in pear jier tiid al trije boekjes útbrocht:  Koarte ferhalen en rymkesKoarte ferhalen Diel II en Koarte ferhalen.

Om der efter te kommen wêr ‘t de boekjes te keap binne, besykje dan efkes dizze side.

Om de fjouwer wike ferskynt ek in column fan Henkie yn ’e Stienser en sa no en dan stiet der ek in ferhaal op www.wadnieuws.nl.

Ek yn Sa is Henkie foarby kaam, sjoch hjir en hjir foar de stikken.

Save

Comments are closed.