De Brazem ( Ut HfdP I )

It barde op in simmerjûn oan de Tsjoele,
op in camping yn ’e hoeke oan ’e feart.
Der siet ik noflik efter it reid te fiskjen
en krige samar in grutte brazem oan ’e heak.

Oant doe ta wienen it lytse foarntsjes,
derom kaam dit mei ek hielendal oer ‘t met.
Buorman, in fisker, dy’t foar syn tinte siet,
hat mei lokkich holpen mei syn net.

Ik skatte him op sa’n fjirtich sintimeter,
mar neffens buorman koenen der wol fiif by.
It makke my as fisker hielendal neat út,
want allinne sa’n fisk wie al in topper foar my.

It fiskjen wie dien, de angel waard romme,
want op it hichtepunt moat men stopje.
Wol moasten we dit feit efkes fiere,
en soenen der mei syn allen ien op dopje.

Der waard wat soarten fan drinken sammele,
kola, JJ, Bearenburch, bier en wat iterij.
Wylst waard de brazem hieltyd grutter,
hy wie healwei de jûn al de heale meter foarby.

Tukkers, Brabanders, Limburgers en Friezen,
it gie op syn sûpen en sterke ferhalen fertelle.
De behearder kaam sels lâns my droege woarst,
ûnderwilens hie de brazem de fiifenfyftich helle.

Let op ‘e jûn doe de dauwe oer it fjild kaam,
wie men sêd, sis mar, men koe neat mear ha.
En foar dat men harren de jûns deljaan soe,
kaam de brazem noch krekt oan de sechstich ta.

H fd P

Leave a Reply