It is alwer in moai skoft ferlyn dat ik op de site fan Tresoar by “Alle Friezen” de namme fan ús heit, Jogchum Liemburg, ynfolle.
Ta myn ferbjustering kaam ik in bewiis tsjin dêr’t opstie dat hy fan 5 juny 1930 oant 19 juny 1931 wurke hie as boere-arbeider by W Watsema dy’t wenne yn Aldeboarn nr6.
Foar my moai om te witten, mar ik haw der fierders neat mei dien.
Oan ’t in skoft ferlyn ik op facebook yn ’e kunde kaam mei Watze Watzema út Aldeboarn. No wie dizze Watze my net hielendal frjemd, om’t hy kuorballe hie by Altyd Kwiek op ’e Feanhoop dêr’t ik jierren ferlyn ris in blaumoandei trener west ha.
Watze haw ik doe it kontrakt(?) fan ús heit mailt en him frege as hy dizze W Watzema by tafal ek koe. Al rillegau kaam as reaksje dat it syn pake Watze Watzema wie, de pake dêr’t hy nei ferneamd is.
Foar my moai om te witten, mar ik haw der fierders ek neat mei dien.
Fjirtjin dagen ferlyn wie ik it papierwurk wer ris oan it troch spitten, dat by ús heit en mem weikaam wie. In doaze fol mei rou- trou- en bertekaartsjes. Faak withoe âld.
Ien troukaart foel my op. In troukaart út 1937 fan Hijlke Watzema en Froukje Kramer.
Us heit en mem binne yn 1933 troud en doe’t se dizze troukaart krigen wennen se al op ’e Damslûs. No kin dizze kaart by ús kaam wêze om’t ús heit kunde oerholden hie mei de Watzema’s, mar it soe ek kinne dat hy fan de Kramer kant kaam om’t dy út ’e Deelen kamen, dêr’t ús heit ek wenne hie. Ik wit it net, mar myn nijsgjirrigens kaam wer boppe en der siet neat oars op om mar wer in berop te dwaan op Watze fan de Prikwei út Aldeboarn. Hjir woe ik mear fan witte.
Al rillegau kaam der antwurd en hy mailde dat dizze Hijlke in broer fan syn pake wie.
Watze skreau ek dat hy yn it ferset siet en yn ’e oarloch deasketten is.
Dat binne wurden dy’t jo net samar yn ’e kâlde klean sitten gean. Foar my de fraach: wat is der doe bard.
Om’t ik wol gauris kontakt haw mei Theo Dam fan ’e Tynje, wie hy ek de earste dy’t ik dy fraach foarlei.
Hijlke Watzema, (berne op njoggenentweintich maart 1912 yn Aldeboarn en op fjouwer juny 1944 op’e Tynje fermoarde troch de SD en Nederlânske lânwachters).
Op internet hie ik ek al it ien en oare fûn, wêrby ek dizze foto fan Hijlke , mar Theo ferwiisde my nei it boek Slits en Roggeprip fan Kerst Huisman, dêr’t Kerst de details oer wat hja meimakke ha dúdlik yn beskreaun hat. Ik haw it lêzen en ik wit no ek hokker drama him dêr ôfspile hat. Ik bin der ek efter kaam dat der minsken binne dy’t harren ôffreegje, wêrom is Hijlke Watzema dit oerkaam.
Siet Hijlke wol yn it ferset, of hat de SD him der yn rinne litten.
Of hat Hijlke gewoan op de ferkearde pleats wenne en is hy it slachtoffer wurden fan in steltsje SD minsken en lânwachters dy’t op dizze wize harren sadistyske taken útfiere koenen.
In slach minsken dy’t as hja harren in gewear yn ’e hannen drukke, fuortdaliks ophâlde mei it minskewêzen.
Folk dat efter de keppel oan rint en harren dan grut fielt. Se wienen der doe, mar spitigernôch besteane se der no ek noch.
Hijlke Watzema is, tinkt my, it slachtoffer wurden fan dit soart fan minsken. Minsken wêrfan in protte letter, nei’t de oarloch efter de rêch wie, ynienen net mear by dy keppel heart hienen.
Hijlke Watzema is op trettjin maaie 1937 troud mei Froukje Kramer.
Op fjouwer juny 1944 is Froukje Watzema – Kramer widdofrou wurden. Fiif dagen letter is Hijlke Watzema op ’e Tynje te hôf brocht.
In foto, makke troch Theo Dam, toant it goed ûnderholden grêf.
Op it grêf fan Hijlke en Froukje, dy’t yn 1991 stoarn is, stiet de toartse fan de Stichting Fryslân 1940-1945 en op ’e Tynje is in strjitte nei Hijlke ferneamd.
Op fjouwer maaie wurde de minsken wer betocht dy’t yn de oarloch omkaam binne. Ek Hijlke Watzema sil betocht wurde.
Hijlke is it slachtoffer wurden fan folk dat efter de keppel oanrûn.
We moatte der meimekoar foar hoedzje dat der gjin keppel wer komt fan dat soarte folk.
Hoedzje sis ik, want it kin sels yn 2019 samar wer de kop op stekke.
(Ik moat skamsum tajaan dat ik nea fan Hijlke Watzema heart hie. Ik bin fan nei de oarloch en thús waard der ek net oer praat. En dat net allinne, myn ynteresse dêryn gie doedestiids ek net sa fier. Ik wit dat der in Watzemawei is en ik haw sels, goed tweintich jier lyn, it boek Slits en Roggeprip fan Kerst Huisman lêzen. Ik haw it doe skynber net genôch yn my opnommen. Dêrom wit ik hast wol seker dat as ik de rou- trou- en bertekaartsjes dy’t by ús âldelju weikaam binne net troch spit hie, ik ek net mei dit ferhaal op ’e lappen kaam wie. HL)