“Dêr’t heit foar ús it brea fertsjinne”

Op 23 oktober komt Hindrik Liemburg yn it Museum Opsterlân op ’e Gordyk in lêzing jaan oer syn berteplak by de Damslûs oan de Polderdyk ûnder Langsweagen. Is it wol in lêzing, as is it in ferhaal. In ferhaal mei foto’s dy’t fan grutte wearde binne.

Hoe is de Damslûs ta stân kaam? Hoe seach de omjouwing der út doe’t Hindrik syn âlders, Jogchum en Griet Liemburg, oan de Polderdyk kamen te wenjen? Hokker minsken wennen der yn Hindrik syn bernetiid oan de Polderdyk? En hoe is it no oan de Polderdyk?

De kâns is hiel grut dat jo dêr op 23 oktober om 20.00 oere yn it Museum Opsterlân in antwurd op krije.

Foar de stipers fan it museum is de tagong fergees, oaren moatte in lytse tagongspriis betelje.

Besjoch hjir mear foto’s fan de Damslûs >>