Folksliet ( Ut HfdP I )

In skoftke ferlyn seach ik op telefysje in rugbywedstriid tusken  Frankryk en Skotlân. No bin ik net sa’n leafhawwer fan rugby, mar as it der op oankomt hat eltse sport wol wat. Wat my it meast yn it each springt binne de spilers as it folksliet fan harren lân spile wurd. Der strielt wat fanôf. Binne de Frânsen mei harren Marseillaise frij wat fanatyk, it falt hielendal fuort as de Skotten mei harren Flower of Skotlân begjinne.

Fine jo ek net dat it Nederlânsk folksliet net mear fan dizze tiid is? Fine jo ek net dat it wolris wat op pipt wurde kin? Litte wy no earlik wêze, it Nederlânske folksliet falt hielendal wei as jo dat fan Skotlân hearde. Ek de belibbenis dy’t der efter stiet komt oars oer. As ik it Nederlânske fuotbalteam it folksliet mei sjongen sjoch, want jo heare harren net, dan strielt der neat fanôf. De spilers “playbacke” mar wat en hja sjogge om harren hinne as wie it in frjemd ferske. Sommige fan harren litte it sels nei om de mûle te bewegen.

Nee, dan de Skotten, as hja it folksliet hearre dan sjocht men de kopkes omheech gean en de eagen begjinne te glinsterjen. Hja sjonge it net gewoan mei, nee, hja raze harren de longen út it liif. Hja wolle wol troch de grûn gean foar harren Flowers of Skotlân. Leau mei, as ik sa’n fol stadion sjongen hear dat mei dan ek de grize oer de grauwe giet. Op sa’n stuit soe ik ek wol in Skot wêze wolle. Haw ik dat ek mei it Nederlânsk folksliet ? Dan moat ik earlik tajaan dat it mei minder treft. Ik wit noch wol dat doedestiids Atsje Keulen foar de lêste kear kampioen weard, dat foarearst it Nederlânsk folksliet spile waard en doe dat ôfrûn wie wurde it Frysk folksliet ynset. Doe bin ik ek út de stoel weikaam en bin stean gong. Want foar it Frysk folksliet kom ik wol omheech en in stadion fol Friezen klinkt en davert fier yn it roun, en dat heart beslist net ferkeart.

“Frysk bloed tsjoch op, wol no’ ris brûze en siede” sprekt my yn elts gefal mear oan dan ” Wilhelmus van Nasaue ben ik van Duitsen bloed”. Ik moat dan ek tajaan dat ik foar it Nederlânsk folksliet faaks net oerein kom.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *