Skriuwer of Hampelman,

25 maaie waard by boekhannel van der Velde op ’e Nijstêd yn Ljouwert bekend makke wa de Douwe Tammingapriis winne soe. De Douwe Tammingapriis wie bedoeld om de nije jonge Fryske skriuwers mear oandacht te jaan. En ek om de ferkeap fan it Fryske boek te befoarderjen. Hja hienen der in feestlik barren fan makke.
As begjinnend Frysk skriuwer (net ien fan de jongsten) wie ik ek útnoege om mei myn boekje in goai nei dy priis te dwaan. Ik moast dan wol fjouwer boekjes ynleverje, dy’t de trije sjueryleden lêze koenen. It fjirde boekje sil wol reserve west ha, foar as der ien wei waard of dat de kofje der oerhinne falle soe. Foar my as begjinnend skriuwer dy’t sûnder watfoar foarm fan subsydzje as oare foarm fan jildsjitters wurket is dat al in ynvestearring. Mar nea sjitten is altyd mis, dus meidwaan. De priis foar de winner, € 3000,00 liigde der ek net om.
As it gjin priis waard, gie ik der fan út dat we as begjinnend skriuwer wol in stikje oandacht krigen, sadat it de ferkeap stimulearje soe. De sjueryleden bestienen út in sjueryfoarsitter, immen fan omrop Fryslân en  immen fan boekhannel  vd Velde.

 *****

Doe’t ik plannen hie om in boekje te meitsjen, bin ik by it A-fuk lâns west om it ien en oar te witten te kommen. Mei in “sticky” fol ferhalen ha ik doe by de haadredakteur om ’e tafel sitten. Hy hat it efkes trochnommen en in kopy makke op syn eigen kompjûter. Ik wol net sizze dat de man myn wurk ôfkarde, mar om no te sizzen dat hy mei de hannen omheech oerein skeat en rôp fan “Eureka” wie ek wer net sa. De man rette my oan om it mar yn eigen behear út te jaan.
Sa is it ek gien. De boekjes waarden makke en al gau gienen de earsten de doar út. It begjint faak ( sa ik heard ha, begjint it by hast alle skriuwers dy’t harren wurk yn eigen behear hawwe sa ) mei famylje en goekunden.
In ferhaaltsje yn it klupblêd fan ’e kuorbalferiening en de doarpskrante woe ek wol mei helpe om de ferkeap te stimulearjen. Mar allinne fan famylje en goeie kunde kinne jo net libje en de sinten dy’t ik der ynstutsen hie moasten al wer boppe wetter komme.
In boekwinkel yn Stiens like my wol wat. Ik hie al sjoen dat der wol mear Fryske boeken ferkocht waarden. Doe’t ik mei it boekje by harren kaam, frege it frommes my: “ Wie is de uitgever  van dit boek? ” Doe’t ik sei dat ik dat sels wie, seach hja it net sitten, om’t sy allinne mar mei grutte útjouwers saken die. Ik wie, tink ik, mar in hampelman. De Primera yn Stiens wie wol fuortendaliks ree om myn boekjes te ferkeapjen.  Hja hawwe der ek gjin spyt fan hân.
Op ’e  Gordyk  (ik kom sels út dy omkriten)  makke boekhannel Planteijn ek gjin beswier om it yn ’e ferkeap op te nimmen. Dêr hat it de top ek helle wat Fryske boeken oanbelanget.
Sa kaam ik ek mei in doaske boekjes, yn Ljouwert, by in grutte boekwinkel. Ik die myn ferhaal oer mysels en oer it boekje.  Mar noch foar ik in boekje út it doaske helle hie, sei de man dat it net nedich wie, om’t sy it dochs net ferkeapje woenen. “Der komme wol faker minsken oan ’e doar mei harren eigenmakke boekjes.” sei de man. Hja woenen der gjin gedonder mei ha. Lokkich seagen oere boekhannelers it wol sitten mei my en wie ik yn in healjier, ek mei help fan ’e boekemerk yn Drachten, samar troch de foarrie hinne. De lêste fjouwer binne nei de organisaasje fan de Douwe Tammingapriis gien. Wilens wie ik ek al mei in twadde boekje op ’e merk kaam. Der binne aardich wat fan drukt en wy binne al wer mei de lêsten dwaande. Mei wy bedoel ik de boekhannelers dy’t wol efter in hampelman steane.

******

Op ’e útrikking fan de Douwe Tammingapriis waard it sjueryrapport foarlêzen. Fan ’e fjirtjin boeken dy’t meidienen waarden acht boeken neamd. Hja wienen ynbrocht troch in útjouwer. Fan de oare seis dy’t yn eigen behear makke binne waard allinne mar sein dat se wol aardich wienen, mar mear ek net. Elk wurd wat der oer sein waard soe wol tefolle wêze, want it hie net in literêre wearde. Hja waarden ek net neamt as skriuwer. It kaam der sa’n bytsje op del dat it mar wurk fan hampelmannen wie. Hja moasten harren wurk mar slite oan famylje en kunde. Lokkich, hat blieken dien, dat ik in grutte famylje en foaral in hiel soad kunde yn Fryslân ha.
Dat de winner fan de Douwe Tammingapriis de terjochte winner is dêr twivelje ik net oan. Ek net oan dyjinge dy’t op it twadde en tredde plak einige binne. It sil op literêr gebied wol heechsteand wêze. Hja fertsjinje ek alle lof en oandacht. Spitich dat de hampelmannen, dy’t net oan de literêre kwaliteit foldogge, mar dy’t harren jild der wol yn stutsen hawwe gjin oandacht krigen hawwe.
Nee, ik moat it dwaan mei de útspraak fan de ( ek net de minste ) Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra, dy’t op syn side skriuwt: “It bin hiel aorige verhaalties, die’k met genoegen lezen hebbe”. En dêr ha ik  folle mear oan as it sjueryrapport.

Eén reactie op Skriuwer of Hampelman,

  1. Hinke Veenstra schreef:

    No Hindrik, dan kinne wy mekoar de hân jaan…want ek dizze Hampelfrou is tsjin dit soarte dingen oanrûn tidens de tarieding en útjefte fan har debútbondel LANG OM LET

    Mei groetnis,
    Hinke Veenstra

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *