Ode oan Jan ( út it Mikpunt )

Dit gedicht is eartiids makke foar in gesellige jûn fan CSL. Tegearre mei Jan van der Meulen makke ik sneontemoarns de fjilden klear. Jan wie foar CSL fan grutte betsjutting. Jan is yn novimber 2009 nei slim siik wezen ferstoan. Hy is 66 jier wurden.

ODE OAN JAN,

Sneontemoarns om acht oere stap ik op mien fyts en gean nei it sportfjild ta.
Nee, ik hoech net te spyljen mar eltse sneon giet dat sa.
Ik moat de gersmotte besjen,
om te konstatearjen of’t men om tsien oere wol spylje kin.
Ik doch dit wurk net allinne, der is der noch ien by.
Dat is Jan , myn baas, die begjint wat letter op de dei.

Nei in koart oersjoch gean ik der wer wei,
want spyljen yn Britsum giet hast altyd troch, sa ek dizze dei.
Gau wer nei hûs, om in kopke tee en in brogge my spek,
Want njoggen oere moat ik der wer wêze, want dan is myn baas der ek.
As ik oankom sjocht hy gau efkes op syn klok,
wol wat oan de lette kant, ik haw de flagge al oan de stok.

Wy geane earst efkes troch de klaaihokken hinne.
Amers leegje, flier faaie, sa dat we de gasten skjin ûntfange kinne.
Noch efkes sjen wa tsjinst hat om ús ferieniging te presintearen,
Fjildwacht neamt men dat, hja binne om de gasten te ûntfangen
en om de skiedsrjochter te bekeren.
It giet net altyd goed, men begrypt it soms wat let,
Faaks komme se nei de gasten of se komme hielendal net.

Dan komt it fjildwurk, myn baas syn sterkste kant.
My in fjirtich meter line dweilje wy it fjild,
fan foar nei efteren fan kant nei kant.
Ûnderwyls docht hy syn ferhaal,
oer wjirm wurking en fette grûn, want dat is hjir in kwaal.
Hy fertelt wanear we beluchtsje en fersande meie,
Wylst lûke wy it lintsje, sadat de bern straks gjin wiete foutsjes krije.

Fjild lizze, foar de measten liket it in makje,
Mar dogge jo it net goed dan liket it fjild wol in salmejakje.
60-30-30-30-60 sa draaie we de linen op de rol,
Foar in leek net te begriepen, mar Jan en ik snappe it wol.
Foar hinne wy it 30-30-30-60-60,
Mar Jan hat berekkene dat it no better is en minder lestich.

Jan rekkent ut wer de fjilden lizze moatte, ik folgje it relaas,
Ik gean der net tsjinyn, want ik bin de feint en hy is de baas.
As de lintsjes lizze, sette wy de pealen my koaren te plak,
It giet allegear restich oan, wat prate, alles op syn gemak.
Jan set de stippen, want dat is foar my in hiele toer,
Mar by Jan syn maat klompkes komme se like fier fan de koer.

Ûnderwyls ha wy de TC, it bestjoer en de trainers by de kop,
We naderje it kritysk en it luchtet soms ferskrikkelik op.
Dan noch in tou om it fjild, de bûn wol dat sa ha,
Want dan komt it hjithollerige folk net mear oan de line ta.
De kleantonnen delsette en it skoareboerd komt fest,
Dan noch de banken die bewarje we foar it lést.

As de fjildwacht der is en de gasten komme oan,
Dan kinne de earste striden begjinne, tsien oere yn de moarn.
Wy gean dan nei Tine om in bakje kofje my in stik koeke der by,
Foar de moarns sit it der op, mar net foar de hiele dei,
Wy komme wer in’t spier as de leste striden west binne,
En wat wy de moarns te plak set ha, dan wer opromje kinne.

Is alles wer te plak dan giet it hokje op slot,
De banken geane dan wer nei binnen en de flagge giet wer fan’e stok.
Dan noch efkes neisitte op syn gemak,
By Ids en Tine my in pilske út de tap.
Wat in moaie dei sy Jan, moaie striden en it hat lokkich net reint,
Prachtige wurden fan in baas oan syn feint.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *