Dominy Strikwerda

DSC02923

7 juli 1920  –  20 jannewaris 2016

Dominy Mintje (Menno) Strikwerda

“Jo binne in frjemd man” sei hy, mei in glimke op ’e mûle, tsjin my doe’t ik de lêste kear by dominy Strikwerda en syn frou wie.

Wy, Geartsje en ik, wienen by harren om dominy it earste nije boekje fan my te oerhandigjen. Ik fûn it in ear om dat oan him te jaan en hy fûn it in ear om it te krijen.

It is al wer in pear jier ferlyn dat ik foar it earst mei dominy yn ’e kunde kaam. Janna vd Werf skille my dat yn Huys ter Swaach, dêr’t sy wurket, dominy Strikwerda en syn frou wenje. Dominy woe graach myn boekjes hawwe en sadwaande is it begûn te rôljen.

De earste kear dat ik besite brocht oan dominy en syn frou, hie ik it notuleboek meinommen fan de knapeferiening “De Protters” út Terwispel.

It wie foar my en dominy in bysûnder en emosjoneel momint doe’t hy nei 58 jier syn hantekening noch ûnder de letste notulen sette. De notulen dy’t yn 1956 skreaun wienen troch myn broer Chris, dy’t yn 1982 ferûngelokke is.

Fan it petear dat ik doe hie mei dominy ha ik in ferhaal makke. In ferhaal dat dominy lêzen hat, en dingen oanpast sa as hy dat graach ha woe.

Ek in bysûnder momint foar my wie, dat ik it ferhaal dat ik doe makke ha fertelle mocht yn ’e tsjerke fan Terwispel, doe’t dy 150 jier bestien hie. Under de harkers wie ek dominy Strikwerda.

Doe’t dominy de tsjerke út gie sei hy tsjin my: “As dyn nije boekje klear is moast al ien foar my efterút lizze”.

Ik bin bliid dat ik it oars dyn ha troch him it earste boekje te bringen.

Ik bin ek o sa bliid dat ik it ferhaal oer dominy yn myn nije boekje opnaam ha. Dat, foar my, bysûndere ferhaal sil dêrtroch foar in lang skoft bestean bliuwe, sa’t ek dominy Strikwerda yn myn libben bestean bliuwe sil.