De Koaibosk, ( Ut HfdP I )

By it ferhúzjen sa’n tweintich jier lyn, fûn ik wer it jongesboekje fan Gooitsen Burgy, “Yn en om de Koaibosk”. Ik wist fan it bestean, mar om’t ik gjin lêzer bin hie ik der doedestiids gjin oandacht oan skonken. It is doe ek wer yn in doaze kaam en wer opromme. Koartlyn krige ik it wer troch de hannen en haw ik it wat better bestudearre en doe ûntduts ik ek dat it oer de omjouwing gie dêr’t ik berne bin. Ik haw it lêzen en ik moat sizze dat it in grutte yndruk op my makke hat. Sels sa bot dat Goaitsen Burgy ien fan myn favorite skriuwers wurden is. It boekje giet oer it doarp Stompetoer. As foarbyld hat Goaitsen syn bertedoarp Terwispel brûkt. As jo it lêze, en bekend binne yn die omjouwing, dan kinne jo it hielendal neigean wêr’t him ôfspilet. It ferhaal giet oer trije jonges, letter fjouwer, dy ferskate fratsen úthelje en faak binne hja oan it boartsjen yn de Koaibosk. De Koaibosk lei skean neist de pleats dêr’t ik berne bin, en ek wy wienen faak yn de Koaibosk oan it boartsjen. Fan de Griene Dyk ôf moasten jo troch in stikje lân en dan troch in gammel hikje en dan wienen jo yn it boskje. Foarhinne sil it wol in einekoai west hawwe, mar ik kin nearne yn de histoarje werom fine dat it sa wie. Neffens Goaitsen sieten de kontoeren fan de einekoai der noch yn. Ik kin my net oars heuge dan dat der in sleatsje yn ’e midden siet. Mar Goaitsen Burgy hat der as jonge tink ik in soad boarte en it goed yn him opnommen, want it boekje hat hy skreaun doe’t hy al mear as tritich jier út Terwispel wei wie. Yn it boekje wurdt ek praat oer it swimmen yn de Krûmten. Dat sil hy yn begjin foarige ieu dien ha. Yn de sechstiger jierren swommen wy noch altyd yn de Krûmten. Wy hawwe dêr it swimmen leart. Gienen wy earst mei jonges en famkes te swimmen, letter mochten de famkes net mear mei. Dêr snapte ik doedestiids neat fan, oant men my fertelde dat de bern net mei de earrebarre kamen. Letter gongen de famkes wol wer mei te swimmen en ek mei te boartsjen nei de Koaibosk. Mar doe wienen wy ûndertusken al wer in jier of achttjin, en hienen gjin each foar it wurk fan Goaitsen Burgy. Ik tink dat Gooitsen Burgy fyftich jier earder, as achttjin jierrige jonge, ek wol mei famkes yn de Koaibos boarte hat, mar dêr hat er spitich genôch neat fan op papier set.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *