Dominy Strikwerda set hantekening

Dit is it momint dat dominy Strikwerda, de âld dominy fan Terwispel de hântekening set ûnder de leste notulen fan de knapeferiening “De Protters”. De leste notulen binne makke troch myn broer Chris Liemburg op 27 maart 1956. Dominy Strikwerda, 94 jier, hat 58 jier letter op 25 maart 2014 syn hântekening der ûnder setten. It hiele, soms emosjonele ferhaal is te lêzen yn it leste, blauwe, boekje fan Henkie fan de Polderdyk.